Keepster Loes Geurts: "Het is fantastisch geweest"

16 aug 2017 - 19:51

Keepster Loes Geurts fan Hichtum spile al moannen mei it idee om foarearst op te hâlden mei fuotbaljen. "Sinds maart heb ik al twijfels, dus ik weet het al een tijdje. Het voetballen kostte de laatste tijd meer energie dan dat ik ervoor terug kreeg. Het plezier liep terug." Moandei makke se bekend dat se yn elts gefal foarlopich in punt set achter har karriêre. Geurts sil yn Sweden, dêr't se wennet, de tiid nimme om nei te tinken oer wat se wol. "Ik ben er eventjes klaar mee en heb er genoeg van."

Nei it wrâldkampioenskip fan 2015 rekke de Hichtumse blessearre oan de holle. "Daarna is het niet meer gelopen zoals ik hoopte. Ik ben wel teruggekomen op mijn oude niveau, maar heb bij mijn clubs en het Nederlands elftal geen basisplaats meer gehad. Dat heeft zoveel energie gekost, dat het nu even op is." Ferline jier makke Geurts in oerstap nei Frankryk om by Paris Saint-Germain te fuotbaljen, mar ek dêr wie se twadde keeper. "Ik wil nu graag even thuis zijn in Zweden. Ik ben zoveel op pad geweest de afgelopen jaren, dus ik ben er aan toe om tot rust te komen. Ik wil niet meer elke dagen moeten presteren."

Ek it ôfrûne Europeesk kampioenskip by it Nederlânsk alvetal moast Geurts fan de reservebank ôf tasjen. Se wist doe al dat se ophâlde soe. "Dat was heerlijk. Het gaf me extra energie om tijdens het toernooi elke dag alles te geven, omdat ik wist dat de eindstreep in zicht was. Dat was een bevrijdende gedachte." De 31-jierrige keepster nimt dus ôfskied mei in Europeeske titel. "Mooier kan het niet. Nou ja, als het met speelminuten was geweest wel. Maar ik had dit allemaal niet willen missen. Het is fantastisch geweest."

Trefwurden: 
Loes Geurts fuotbal keepster
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)