Elvis Presley-museum yn Molkwar
Op 16 augustus 1977, no 40 jier lyn, kaam in ein oan it libben fan Elvis Presley. Joke van Gent is al har hiele libben grut fan fan de King of Pop. Sûnt har jeugd sammelet sy Elvis-items; fan syn earste fiif singles op Sun-label oant en mei filmsheets út de MGM studio. Har hiele sammeling is te sjen in har eigen Elvis museum yn Molkwar.