FIDEO: De camper is op It Hearrenfean

De camper fan Omrop Fryslân rydt de hiele simmer troch de provinsje. Alle dagen binne ús ferslachjouwers op in oar plak te finen. Woansdei wie de camper op It Hearrenfean. De ferslachjouwers rûnen mei by in fersoargingstehûs. De hannen út de mouwen en oan it wurk! Middeis gie it oer in oare boech: aktyf wêze yn it trampolinepark Jumpstyle
Sjoch foar alle foto’s, filmkes en radiobydragen fan de camperploech op omropfryslan.nl/camper.