Skûtsjesilen soarget foar grutte drokte op de A6
Op de A6 hawwe de ôfritten mei De Lemmer woansdeitemidde yn beide rjochtingen in healoere ôfsletten west. Der wie safolle ferkear dat rjochting it skûtsjesilen by De Lemmer woe, dat Rykswettersteat it te gefaarlik fûn. It ferkear stie nammentlik yn in lange rige op de flechtstroken. Mei help fan buorden waard it ferkear omlaat.
Nei in healoere wie de drokte foarby en binne de ôfritten wer iepensteld.