UPDATE: Syktocht yn it wetter by Himpens fanwege fyts

16 aug 2017 - 14:31

De wetterplysje en brânwacht ha de sykaksje yn it wetter yn Himpens stopsetten. Der is yn it wetter net ien oantroffen. De helptsjinsten diene ûndersyk yn it wetter by de Greijdanusbrêge omdat der oan de wetterkant in fyts fûn wie. 

Tiisdeitejûn rieden de helptsjinsten noch massaal út doe't der yn Snits in bernefyts by it wetter fûn waard. Dy syktocht levere úteinlik gjin slachtoffer op, ek waard der nimmen as fermist opjûn.

 

Trefwurden: 
syktocht Himpens fyts wetter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)