Auto oer de kop op A7

© Srfotografie
Ferkear op de A7 tusken Terwispel en Beetstersweach hie woansdeitemoarn lêst fan in ûngelok wêrby't in auto troch noch ûnbekende oarsaak oer de kop fleach. De bestjoerder en in ynsittende binne earst troch meiwurkers fan de ambulânse behannele en dêrnei meinaam nei it sikehûs. Nei it ûngelok waard ien rydstrook ôfsletten, wêrtroch in lange file op de sneldyk ûntstie.