"Risiko op fûgelgryp heger by bedriuwen njonken wetter"

16 aug 2017 - 11:26

Fryslân is net de meast foar de hân lizzende provinsje om je te fêstigjen mei in nij plomfeebedriuw. Alteast, by plakken yn ús provinsje mei in soad wetter. It risiko op fûgelgryp is folle heger as plomfeebedriuwen op 500 meter of minder fan sleatten of oare wetters fêstige binne, sa docht bliken út langjierrich ûndersyk fan Wageningen Bioveterinary Research.

Maatregels

Wylde fûgels lykas einen en guozzen kinne middels harren stront in swakkere foarm fan fûgelgryp oerbringe, dy't úteinlik mutearje kin ta in folle skealikere fariant. As je al in bedriuw hawwe dat ticht by it wetter sit, soe der faker meunstere wurde moatte om sa rapper yngripe te kinnen, seit ûndersiker Armin Elbers.

Je kinne ek maatregels nimme sa as it brûken fan in soarte fan slûs dêr't minsken harren earst ûntsmette moatte foardat sy de stâl yn kinne. Boppedat kinne je wylde fûgels yn de direkte omjouwing fan it bedriuw fuortjeie; bygelyks mei in laser. Bedriuwen mei in frije útrin rinne ek in grutter risiko.

Trefwurden: 
Fûgelgryp plomfeebedriuw
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)