Twa ynbrekkers op 'e die betrape

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei twa ynbrekkers oanholden. It giet om in 40-jierrige man út Frjentsjer en in 46-jierrige Ljouwerter. Se waarden op 'e die trappearre yn in bedriuwsgebou oan de Sudersingel. In tsjûge hearde dat de manlju in rút ynsloegen en belle fuortendaliks de plysje. Dy fûn de ynbrekkers wylst dy noch yn it gebou wiene. De manlju sitte noch fêst foar fierder ûndersyk.