Noch altyd ûnwisse tiden foar plomfeehâlders

Der is noch altyd in soad ûnwissichheid by hinneboeren. Guon boeren wachtsje noch op de fipronilkontrôle troch de NVWA of de útslach fan dy kontrôle. Oant dy tiid sitte de bedriuwen op slot. Miljoenen aaien kinne dêrtroch net útlevere wurde.
De fipronil yn de aaien is net allinne foar de troffen boeren in ramp, ek foar de sektor is it in probleem. Piet Faber fan LTO betwivelet oft der in goede skeafergoeding komt. Neffens him is it Nederlânsk regear net goed yn jild opheljen út Brussel.
En ek fan de NVWA hat hy wol syn nocht, al wit hy dat de NVWA yn in lestich parket sit troch druk fan alle kanten, besunigingen en reorganisaasjes.