Al 1.300 boetes útdield op de A7

© ANP
Dizze simmer binne der al hast 1.300 minsken op de bon slingere op de A7. De measten fan harren krigen de boete foar te hurd riden of om't se dwaande wiene mei de telefoan. 53 minsken makken it sa bûnt dat se harren rydbewiis ynleverje moasten. Oare minsken rieden bygelyks troch read, hiene alkohol hân of wiene oan it bumperkleven. Ek krigen ferskate frachtweinsjauffeurs in boete om't se har net hâlden oan it ynhelferbod op de A7.
De plysje kontrolearret sûnt april fan dit jier ekstra op de dyk.