Opnij run op molkpoeier yn supermerken

Der is yn Nederlânske supermerken opnij in run fan Sinezen op molkpoeier foar poppen. De supemerken hawwe maatregels naam om lege winkelskappen foar te kommen. Sa ha de Poiesz-supermerken in buordsje by it skap dêr't op stiet dat klanten mar ien pak meinimme meie.
Mochten klanten besykje om de maatregel te omsilen, dan ha de winkels neffens direkteur Richard Poiesz in twadde maatregel efter de hân. Se helje dan de pakken út de skappen. Klanten moatte harren dan by in baly melde om in pak meinimme te kinnen.