Grêfstiennen fernield yn Dokkum

Op it begraafplak Damwâldsterreedsje yn Dokkum binne sân grêfstiennen fernield. Se binne troch fandalen omfier helle. It giet om grêfstiennen op it âldere part fan it gemeentlike begraafplak. Wethâlder Pieter Braaksma is skokt troch de fernielingen. Hy ropt de dieders op harsels te melden en de ferantwurding te nimmen. De grêfstiennen binne neffens Braaksma net mear te meitsjen. Dêr binne se te âld foar. De gemeente is no op syk nei de neibesteanden om dy te ynformearjen. Der is ek oanjefte dien by de plysje. Dy freget tsjûgen har te melden.