Speed-pedelec ek goed brûkt yn Fryslân

Snelheid fan 45 km
Fryslân sit yn de middenmoat as it giet om it tal speed-pedelecs dy't der yn de provinsje binne. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. Dizze hyperflugge elektryske fytsen kinne snelheden oant 45 kilometer yn de oere helje, en moatte sûnt in pear moanne op de gewoane dyk ride. Yn Fryslân hawwe 51 op de 100.000 minsken in speed-pedelec.
De measte rappe elektryske fytsen binne te finen yn Utrecht en Oerisel. De minsken yn Flevolân en Limboarch rinne minder waarm foar it nije ferfiermiddel. Lanlik sjoen binne de measte fytsers mei in speed-pedelec tusken de 45 en de 65 jier âld. Sy hawwe rom 68 prosint fan it totaal yn besit.