Skûtsje Langwar docht net mei yn Wâldsein

It skûtsje fan Langwar op de Pikmar by Grou © ANP
It skûtsje fan Langwar ferskynt dizze moandei net oan de start fan de wedstriid by Wâldsein. It oerlis tusken it SKS-bestjoer en Langwar oer de nije seilformule hat oant no ta neat opsmiten en dêrom docht Langwar net mei.
Sneon luts it Langwarder skûtsje him út protest werom út de wedstriid. Reden dêrfoar wie dat de nije seilformule neidielich útpakt foar Langwar. Neffens foarsitter Johan Abma is it skûtsje fan Langwar folslein kânsleas.
Beide partijen prate noch wol oer de dielname fan it skûtsje oan it kampioenskip foar de rest fan de wike.
Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.