Akwadukt Drachtsterwei 12 oeren earder iepen as tocht

13 aug 2017 - 18:23

It nije akwadukt yn de Drachtsterwei is om 18:00 oere iepen gien foar ferkear dat Ljouwert út rydt. No kinne auto's dy't de stêd yn en út geane it akwadukt brûke. Dat is 12 oeren earder as yn 't foaren pland. Dat komt trochdat it wurk freed ek earder begong is.

It waar siet ek mei dit wykein. Dat seit in wurdfierder fan projektorganisaasje Leeuwarden Vrij Baan. "Het was wel even alle hens aan dek. We hebben in korte tijd veel werk verzet. Het is mooi dat het nu voor het donker klaar is." Nachts is der net wurke, om sa min mooglik oerlêst foar omwenners te feroarsaakjen. 

Trefwurden: 
akwadukt Drachtsterwei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)