FOTO'S: De earste skûtsjewike yn tsien bylden

It is snein, en dan wurdt der net skûtsjesyld. Mar de echte fans wurde dêr faaks wat ûnwennich fan. Dêrom ha wy de moaiste bylden fan de ôfrûne wike op in rychje set. Moandei om 14:00 oere is de earstfolgjende wedstriid, op de Hegemer Mar by Wâldsein.
Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.