Auto botst op beammen en fljocht yn brân, ien ferwûne

13 aug 2017 - 10:19

In ynwenner fan Achtkarspelen is sneontejûn licht ferwûne rekke, doe't er de macht oer it stjoer kwytrekke en mei syn auto tsjin twa beammen botste. Dat wie op de Eesterweg yn it Grinslanner Doezum. Neffens RTV Noord fleach de auto nei de botsing yn 'e brân, mar koe in oplettende buertbewenner it fjoer blusse.

De man is troch de plysje meinaam nei it buro, omdat it fermoeden bestiet dat er tefolle dronken hie. Syn auto rekke folslein fernield.

Trefwurden: 
ûngelok Doezum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)