Ferhalen fan it Waad út Peazens-Moddergat

13 aug 2017 - 08:51

Bysûndere ferhalen oan de Fryske waadkust, dy sykje we fan 't simmer yn Buro de Vries. Diskear binne wy yn Moddergat en treffe dêr in tal nijsgjirrige minsken. Anke Bijlsma, dy't wy benammen kenne as aktrise, runt yn Moddergat as programmeur in kultureel sintrum: 'De garnalefabryk'. Mear as 60 minsken kinne der net yn, mar de ambysjes binne der net minder om. It moat lykwols ek út kinne en dan soe in gruttere kapasiteit wolkom wêze. Se dreamt dan ek fan in útwreiding, mar mei respekt foar it âlde en de smûke sfear derfan.

Fiskersramp

Willem Meinsma beskreau de skiednis fan Peazens-Moddergat yn it boek 'Jeudherinneringen'. Meinsma wennet syn hiele libben al yn it doarp en begûn dêr in rekreaasje-ûndernimming dy't syn soan letter oernaam. Yn de skiednis fan it fiskersdoarp sloech benammen de ramp fan 1883 djippe wûnen. Yn de nacht fan 5 op 6 maart '83 waard de fiskersfloat fan it doarp troffen troch in swiere stoarm wêrby't santjin skippen fergiene en 83 doarpsbewenners ferdronken. Der kaam in grutte ynsammelingsaksje, mar in soad jild kaam nea telâne by de widdofrouwen dêr't it foar bedoeld wie.

Op 'e dyk stean noch altyd yndrukwekkende tinkstiennen mei de nammen fan de slachtoffers. Folle letter krigen ek de fiskerswiddowen in monumint, ûnderoan de seedyk. Ek yn it bekende museum 't Fiskershúske wurdt dit ferhaal libben holden. Op 'e dyk ha we ôfpraat mei Gerrit Breteler. Dizze alsidige keunstner wennet in pear kilometer ûnder Moddergat en skreau in rekwiëm oer de ramp. A capella sjongt er dêrút in stikje op 'e dyk; yn de wyn op.

Maranatha!

De ramp soarge yndirekt ek foar in ferwidering yn tsjerklik opsicht tusken it frijsinnige Peazens en it mear behâldende Moddergat. In ferwidering dy't lang spile hat. Wy troffen yn Moddergat in âldere, ortodokse boer dy't him net rjocht mear thúsfielt yn dizze tiid. It ûntsach foar God ûntbrekt neffens him en dat muoit him bot. Hy kin dan ek net oars as útsjen nei de weromkomst fan Jezus: "Maranatha!".

In pear kear deis rint Wim Pruin oer de seedyk. Dizze Amsterdamske kameraman reizge foar it NOS Journaal en Brandpunt de hiele wrâld oer en seach dêr faak dingen dy't in minske leaver net sjocht. Santjin jier lyn sette hy him te wenjen yn Moddergat en fynt er de rêst dy't er nedich hat. "Het is hier zó mooi! De lucht verandert voortdurend van kleur en je ziet hier heel goed dat de aarde rond is. Wie anders beweert is hier nooit geweest!".

Dykskiep

Op dyselde dyk tilt it op fan de skiep. It binne de skiep fan Gonnie en Eelkje Kingma. Dizze jonge froulju wurkje as moderne skieppehoeders dy't mei in Landrover lâns de dyk crosse om de bisten yn 'e gaten te hâlden. Dat kin ek net op 'e fyts, want se ha dêr sa'n 6.000 (!) te rinnen. "Skiep moatte yn de massa, oars fertsjinnest der neat oan."

Ferhalen fan it Waad by Peazens-Moddergat binne snein te hearren yn it radioprogramma Buro de Vries tusken 12.00 en 13.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)