Martzen Deinum mei boppeslach keninginne yn Menaam

12 aug 2017 - 21:02

Elly Hofman, Marte Altenburg en Martzen Deinum wûnen yn Menaam ferrassend de frije formaasjepartij troch yn de finale te winnen fan it sterke trio Ilse Tuininga, Wiljo Sijbrandij en Manon Scheepstra.

Op 5-5 en 6-2 pleatste Deinum in boppeslach. Se waard as keninginne keazen. It wie foar it trio Hofman de earste seizoensoerwinning yn de alfde frije formaasjepartij fan dit seizoen.

De tredde priis wie foar Marije van der Meer, Klasine Huistra en Annelien Broersma. Snein yn Wergea wurdt beslist hokker partoeren meidwaan meie oan de frouljus-PC. Dy wurdt woansdei oer in wike holden yn Weidum. 

Trefwurden: 
keatsen Martzen Deinum Menaam
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)