FIDEO: Sa sjocht in sprong fan mear as 22 meter der út

12 aug 2017 - 20:45

Dat it in moaie sprong wurde soe, dat hie er al wol troch doe't er hielendal boppe-yn de pols hong. Mar dat it sa'n ein wurde soe, dat hie er noait tocht.

Jaco de Groot fan Woerden is de earste ljepper ea dy't oer de grins fan 22 meter springt. Syn ôfstân: 22.21. Dêrmei ferbruts er it âlde rekôr fan Bart Helmholt mei mear as in heale meter. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)