Sensasjoneel nij rekôr: De Groot ljept oer de 22 meter hinne

Op de dei fan it Frysk kampioenskip fierljeppen is by it kampioenskip fan Hollân yn Zegveld it nasjonaal rekôr mei mear as in heale meter ferbettere. Jaco de Groot sprong in sensasjonele 22.21. Dat is mear as in heale meter fierder as it âlde rekôr fan 21.64. Dat stie op namme fan Bart Helmholt.
"Hy giet hartstikke rjocht oer" seit ferslachjouwer Koos Wieling nei it sjen fan de bylden. "Dit is wat Bart Helmholt noch graach woe, foardat er ophold. Oer de 22 meter ljeppe. Dat is him nea slagge."
"Fryslân hat de slach mist"
"Ik ha altyd al sein dat it mooglik wie," seit Bart Helmholt, " en dat lit Jaco no sjen. Hjir kin ik allinne mar respekt foar ha."
De Groot wie net de iennige Hollanner dy't oer de 21 meter ljepte. Helmholt hat dêr wol in ferklearring foar. "De skâns yn Zegveld is hiel oars as hjir. Se ha dêr in skâns dy't wat mear fearret. Dan kinst hurder rinne. Dat is ynnovaasje. We ha miskien in stapke mist hjir yn Fryslân..."
"Hiel gelokkich"
"Onvoorstelbaar!" seit De Groot tsjin RTV Utrecht. "Dat het zover was had ik niet gedacht. Hij bleef recht en dan zit je bovenin de stok. Dan weet je dat het heel ver is. Wat een wedstrijd!"
Njonken De Groot ljepten yn Hollân noch twa oaren oer de 21 meter. Erwin Timmerarends sprong 21.21, en Rian Baas kaam út op 21.17. "Ik moest wel laten zien dat ik beter ben", sei De Groot. "Hier train je een heel jaar voor. Ik ben heel gelukkig!"