Nard Brandsma huldige as Frysk kampioen fierljeppen

12 aug 2017 - 17:09

Nard Brandsma fan It Heidenskip is Frysk kampioen fierljeppen wurden. Yn Winsum ljepte er 20.72. It is syn earste Fryske senioaretitel. Sytse Bokma fan Hylpen waard twadde mei 20.04.

Klaske Nauta fan Drylts is by de froulju Frysk kampioene wurden. Se sprong 15.64. Yn 2013 pakte se de titel ek al ris. Hiske Galama waard twadde, Marrrit van der Wal tredde.

Bobby Zwaagman, ek fan Drylts, pakte de junioaretitel mei 19.52. Rutger Piersma en Freark Kramer waarden twadde en tredde.

By de jonges waard Jarich Wijnstra fan Tsjom de kampioen. Hy sprong yn syn lêste ljep in nij skânsrekôr fan 18.13. Wietse Nauta pakte it sulver, Wisse Broekstra it brûns.

Fardau van Akker fan Suwâld wûn by de famkes. Se sprong 15.42. Dat is in dik persoanlik rekôr. It twadde plak wie foar Sigrid Bokma, Femke Rispens waard tredde.

By it Hollânsk kampioenskip yn Zegveld, dat wilens holden waard, sprong Jaco de Groot in sensasjoneel nij nasjonaal rekôr fan 22.21.

Trefwurden: 
fierljeppen FK Winsum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)