SC Cambuur wint lêste oefenwedstriid fan Helmond Sport

SC Cambuur hat freedtejûn de lêste oefenwedstriid fan it seizoen mei 2-1 wûn fan Helmond Sport. Op eigen fjild kaam de ploech fan trainer Marinus Dijkhuizen yn de 39e minút op foarsprong troch in treffer fan Alvin Daniels. Noch gjin minút letter wie it op 'e nij raak en soarge Ricardo Kip foar de 2-0 rêststân.
Nei it skoft wie Daniels op 'e nij gefaarlik, mar dit kear waard syn skot keard. In kertier foar de ein wie it wol raak oan de oare kant en makke Helmond Sport út in scrimmage de oanslutingstreffer. Fierder kamen de gasten út Brabân net.
By Cambuur ûntbruts Jordy van Deelen. De rjochtsback rekke yn de lêste wedstriid fan de play-offs tsjin MVV swier blessearre oan syn ankel. Hy soe freed wer begjinne yn de basis, mar rekke op de lêste training op 'e nij blessearre. Hy hat no in lyts hierskuorke yn syn foet. Herstel kostet minimaal twa wiken.
Nije wike freed stiet de earste kompetysjewedstriid op it programma foar de Ljouwerters. Dan treffe se yn it eigen Cambuur Stadion de spilers fan Jong Ajax.