MOS krijt jild foar lespakketten SpreekTaal

© Omrop Fryslân
De Maatschappelijke Onderneming Smallingerland (MOS) yn Drachten krijt 2700 euro fan it Oranje Fonds om 30 lespakketten oan te skaffen fan SpreekTaal. Dizze metoade is bedoeld foar minsken dy't de Nederlânske taal leare moatte en sil brûkt wurde troch de frijwillige taalcoaches fan de MOS.
Op dit stuit binne der 25 fan sokke frijwillige coaches, mar de MOS siket noch mear minsken dy't har ynsette wolle as frijwilliger. Der binne nammentlik noch 32 minsken dy't wachtsje op in taalcoach.