Blog: In eland op 'e dyk

02 jun 2012 - 01:00

Justerjûn mei Piet en Lidy Scheffer rûn Gustavfors omriden op syk nei in eland. Ynienen seach Lidy in froutsje stean. Gau de auto yn 'e achterút. Sippy en ik út de auto, fototastel yn 'e oanslach, de eland spitste har earen en fuort wie se. Noch krekt in skym op de foto. Mar ús missy wie slagge.
Fan 'e moarn betiid ôf set nei Stockholm. Dwerstroch de binnenlannen oer 'grús'paden. Foar ús út rydt in trekker dy't it paad oanharket. Yn Sweden moat je geduld ha, passearre is ûnmooglik. En hoefolle fan de 96.000 marren ha wy no al sjoen? (allegear like moai)

Yn it plakje Grythyttan even fan de dyk ôf foar in bakje kofje mei wat lekkers. Foar't we wat bestelle koenen: "Kan ik u helpen?". Joke van Benthem fan Harderwyk wie sûnt in jier eigener fan it kafee.
Noch mar krekt sitte we wer yn 'e auto of dêr stiet in eland midden op de dyk. Prachtich. Hy sjocht ús rjocht oan en tinkt wat sil dy hjir. In foto nimme fansels. Mar it tastel sit noch yn 'e tas, dus wer te let!

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)