Omrop TIP: folgje it FK fierljeppen by Omrop Fryslân

Fierljeppen, FK © ANP
It Frysk kampioenskip fierljeppen yn Winsum. Foar hast alle ljeppers is dit de grutste wedstriid fan it jier. Omrop Fryslân docht no sneon wer streekrjocht ferslach fan it Frysk kampioenskip fierljeppen yn Winsum.
Wa sil it fierste ljeppe? Yn de kategoryen topklasse, froulju, junioaren, jonges en famkes wurdt sprong om de Fryske titels. Dejinge mei de fierste sprong fan de dei giet mei de Sulveren Pols nei hûs. By Omrop Fryslân is dy striid fan 13.30 oere ôf te folgjen op telefyzje, Omropfryslan.nl of op de Omrop-app.
It FK Fierljeppen folgest hjoed 12 augustus fan 13.30 op telefyzje. Sjoch foar alles oer it fierljeppen op: Omropfryslan.nl/fierljeppen