Motorproblemen foar frachtskip Noord-Nederland

It frachtskip ms Noord-Nederland fan Rederij Doeksen hat sûnt tongersdei motorproblemen. Hjirtroch moat it frachtferfier nei Skylge oanpast wurde. De befoarrieding nei it eilân giet gewoan troch, in part fan it ferfier sil no dien wurde troch de fearboat de ms Midslân. Ek wurdt der in sterke boat ynset dy't de Noord-Nederland triuwt, sadat it skip dochs farre kin.
Neffens in wurdfierder fan Rederij Doeksen komt de befoarrieding fan bygelyks de supermerken op it eilân net yn gefaar. Reizgers dy't moandei 14 augustus mei de ms Midsland fan Harns nei it eilân gean en oarsom, moatte rekken hâlde mei in oare tsjinstregeling.