Drachtsterwei fan freed oant moandei ticht

Ferkear kin freedtemoarn fan njoggen oere ôf net langer oer de Drachtsterwei Ljouwert út ride. De Drachtsterwei wurdt oant en mei moandeitemoarn seis oere ôfsletten. Oannimmer Heijmans sil dit wykein nij asfalt oanbringe, sadat it ferkear de stêd út aanst ek gebrûk meitsje kin fan it nije akwadukt. Ferkear wurdt dit hiele wykein omlaat oer de Oeriselseleane. Goutum en Suderbuorren bliuwe berikber, mar ferkear moat omride.
Moandei binne alle rydbanen foar it ferkear wer iepen. Op 31 augustus wurde ek it fyts- en kuierpaad iepene. Fan septimber ôf wurdt de Drachtsterbrêge sloopt.