Noch in wike de tiid foar kioskplannen
Belangstellenden hawwe noch in lytse wike de tiid om plannen foar de kiosk op de Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert yn te tsjinjen. De gemeente siket mei in priisfraach in ûndernimmer mei in goed plan. De winner fan dy priisfraach kin de kiosk foar op syn meast twa jier hiere, omdat de brêge dêrnei mooglik beweechber makke wurdt. Der is dan gjin plak mear foar de kiosk. Dy waard de lêste tiid brûkt as VVV-punt, earder siet der ûnder oare hoareka yn. De kiosk stiet der sûnt in jier as fiif. Belangstellenden kinne noch oant 15 augustus ynstjoere.