Wurkdruk GGZ Fryslân omheech troch tekoart oan personiel

De geastlike sûnenssoarch, de GGZ, hat hieltyd mear muoite mei it finen fan genôch geskikt personiel. It totaal oantal fakatueren yn de sektor is ferline jier mei goed 28 persint omheech gien nei 51-hûndert. Hjirfan wiene der tûzen dreech te foljen. Dat docht bliken út in rapport oer de jierferslaggen fan alle GGZ-organisaasjes. Ek yn Fryslân is der in grut tal iepen fakatueren by de GGZ. Benammen psychiaters binne dreech te finen. Mar ek psychologen en ferpleechkundigen binne fan herte wolkom yn de organisaasje.
Neffens Adriaan Jansen, foarsitter fan de ried fan bestjoer fan de GGZ-Fryslân, leit de reden fan it grutte tal iepen fakatueren yn in optelsom fan faktoaren. Sa is der in gebrek oan opliedingsplakken binnen de GGZ. Dat komt trochdat it tal opliedingsplakken de ôfrûne jierren werombrocht is. Dêrnjonken kieze in protte minsken foar in parttime baan, of in eigen praktyk. Hjirtroch sollisitearje se net mear op de fakatueren fan de GGZ. De hjoeddeistige groep minsken dy't by de GGZ wurket, moat no meardere krisistsjinsten draaie, en dat soarget foar in soad ekstra wurkdruk. De GGZ wol hjir graach sa gau as mooglik in oplossing foar fine.