Selsstraf easke tsjin Jirnsumer foar feroarsaakjen ûngelok

In finzenisstraf fan 14 moannen en it ynlûken fan it rydbewiis foar trije jier. Dat is tongersdei yn it gerjochtshôf easke tsjin in 19-jierrige man út Jirnsum. Hy is earder feroardiele ta in wurkstraf fan 240 oeren fanwegen it feroarsaakjen fan in ûngelok yn syn wenplak. Dêrby kaam in famke fan 14 om it libben, trije oare ynsittenden rekken ferwûne.
It Iepenbier Ministearje is tsjin dy straf yn berop gien. Dat heger berop wurdt op dit stuit behannele. Fan de 14 moanne finzenisstraf soe de Jirnsumer der acht sitte moatte, de oare seis moatte neffens it Iepenbier Ministearje ûnder betingst oplein wurde, mei dêrby in proeftiid fan trije jier.