Man beknipe ûnder auto yn Drachten

10 aug 2017 - 12:35

In man is tongersdeitemoarn ferwûne rekke. Neffens in tsjûge soe er mei syn foet beknypt wêze ûnder in auto op de Jade yn Drachten. It is noch net bekend hoe't it ûngelok krekt gebeure koe. De helptsjinsten binne útriden om de man út syn posysje te befrijen en hy is dêrnei meinaam nei it sikehûs.

It is noch ûndúdlik hoe't er der oan ta is.

Trefwurden: 
ûngelok Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)