Dwarsligger helpt Jongbloed

01 jun 2012 - 11:15

De Dwarsligger hat útjouwerij Jongbloed troch de krisis holpen. Dat seit direkteur Van Woerden. Yn 2009 kaam Jongbloed op de merk mei de nije boekfoarm. Der binne yntusken al miljoenen fan ferkocht. Net allinich yn Nederlân is de útfining fan Jongbloed te keap, mar ek yn Ingelân, Spanje en Frankryk.

Letter dit jier folget de yntroduksje yn Ruslân. De Dwarsligger is in boek dat oerdwêrs lêzen wurde moat en troch it gebrûk fan hiel tin papier folle lytser is as gewoane boeken. Dit wykein fiert Jongbloed it 150-jierrich bestean.

It bedriuw hat dêrom freed en sneon in iepen dei. It bedriuw is fanâlds benammen bekend as útjouwer en printer fan bibels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)