Rendert Algra begjint fakbûn

Rendert Algra © Omrop Fryslân
Rendert Algra fan Jobbegea begjint in eigen fakbûn mei de namme VakbondZL. De letters ZL stiet foar 'zonder leden'. It fakbûn giet út fan it prinsipe dat wurknimmers en ZZP'ers allinnich betelje foar wat se nedich hawwe. VakbondZL wol der benammen wêze foar de wurknimmers dy't gjin lid binne fan in fakbûn en foar ZZP'ers. Der komt gjin grut kantoar mei in soad wurknimmers, it wurdt in netwurkorganisaasje.
De ôfrûne twa jier wie Algra foarsitter fan it fakbûn de Unie. Ek wie hy lid fan de Twadde Keamer en provinsjale steaten foar it CDA.