Blog: Skilder Scheffer yn Gustavfors

31 maaie 2012 - 20:51

Piet en Lidy Scheffer komme fan Harns. Mei har bern, Nicole en Tim kamen se fiif jier lyn nei Gustavfors. Piet is hússkilder. De measte huzen yn Sweden binne read: faluröd. De kleurstof komt fan it koperpigmint dat wûn wurdt yn de koperminen fan Falun. Genôch grûnstof, dus goedkeape ferve. Oare ferve, lykas blau, giel en wyt, is djoerder.

It hûs fan Piet en Lidy is 150 jier âld. It waard boud foar de direkteur fan de izersmelterij. Mar al gau is de filla fan doetiids omboud ta winkel en wenhûs. Hjoed-de-dei is de winkel der net mear, mar de romte is der noch wol en wurdt sa no en dan brûkt foar spesjale gelegenheden.
It ôffâl fan dy izersmelterij, de glêsachtige slakken, waarden ferwurke ta grutte boublokken: 'sintelsten'. Dizze binne in soad brûkt as fundearring fan huzen.

Lidy stiet ek op de ljedder. Derneist wurket se parttime by de lokale fiskkwekerij fan 'regenboogzalmen'.

Trefwurden: 
argyf Sweden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)