Skimmers aktyf yn Grou

By in tankstasjon en in bank yn Grou ha skimmers de ôfrûne wike sa'n 10 slachtoffers makke. Skimmers pleatse apparatuer op pinautomaten dêr't se de bankgegevens fan klanten mei achterhelje. De minsken rekken hjirtroch elk sa'n 1000 euro kwyt. De bedraggen waarden opnommen by pinautomaten yn Amearika en Japan.
De plysje warskôget minsken altyd goed te kontrolearjen oft in pinautomaat der net oars as oars útsjocht. As dat sa is moat fuortendaliks de plysje belle wurde. De pinapparatuer by de bank en it tankstasjon is ûndertusken befeilige.