''Wolwêzen fan bisten yn Fryske gemeenten yn kaart bringe''

Kat in Nood © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Fryske gemeenten kinne ynkoarten in brief fan de Partij voor de Dieren yn de brievebus ferwachtsje. Yn de brief freget de partij hoe't it stiet mei it wolwêzen fan bisten yn de gemeenten. Neffens de partij binne der sa'n tsien miljoen bisten yn ús provinsje, mar hat net ien gemeente dúdlike regels hoe om te gean mei it wolwêzen. Gemeenten soene boppedat net witte hoe't se by kalamiteiten optrede moatte.
De Partij voor de Dieren freget de gemeenten om de list mei fragen foar 15 septimber werom te stjoeren. De útkomsten wurde brûkt om mei de gemeenten yn petear te gean en te wizen op de regeljouwing op it mêd fan bistewolwêzen.