Ried fan Steat hellet streek troch jachthavenplan Harns

De Ried fan Steat hat woansdei in streek helle troch it jachthavenplan foar de bûtenhaven fan Harns. Neffens de ried hat de gemeente Harns it ferlet fan sa'n haven mei 225 lisplakken net oantoane kind. De gemeente seit allinnich yn de taljochting by it bestimmingsplan dat der ferlet fan flechthavens is en dat de wettersport elk jier groeit.
Fred Lakeman fan Rederij Wadden Transport hie beswier tsjin de plannen oantekene. Hy drige it lisplak foar syn transportskip kwyt te reitsjen en krige fan de gemeente gjin alternatyf oanbean. De gemeente moat no opnij nei de tekentafel. De rjochter liet de plannen foar in kade foar cruiseskippen mei nije hoareka, kantoaren en winkels yntakt.
Wadden Transport kin ek de kommende tiid de haven fan Harns brûke as oanlisplak. Dat seit wethâlder Maria le Roy fan de gemeente Harns, neidat de Ried fan Steat de jachthavenplannen fan de gemeente ôfkard hat. Oare plannen foar dit stik fan Harns kinne wol trochgean. Mooglik dat de gemeente de plannen foar in nije jachthaven net trochset en it lit by de besteande kapasiteit yn de binnenstêd en by de Tjerk Hiddesslûzen. Dat wurdt noch besjoen.