Sjuery wiist protesten ôf, wedstriid Earnewâld jildich

De sjuery hat de protesten fan de skippers fan Ljouwert en Drachten net takend. Dat betsjut dat de wedstriid fan tiisdei gewoan jildich is.
De skippers basearren it protest op itselde artikel yn it reglemint dêr't moandei by De Feanhoop ek al gedoch oer wie. Dêr stiet yn dat lavearjen yn smel farwetter safolle mooglik mijd wurde moat. En de markearingsboeien dêr't de skippen net achter komme meie, moatte oardielkundich útlein wurde, stiet dêr yn.
Oanfarring
De skûtsjes fan Drachten en Ljouwert bedarren by de wedstriid op it smelle wetter by Earnewâld midden tusken de boaten fan it publyk. Neffens de skippers wie der net genôch romte om te draaien.
De Feanhoop
It is noch hieltyd net dúdlik oft de wedstriid fan moandei, op De Feanhoop, wol jildich is foar it klassemint. Earder sei de sjuery dat de wedstriid ôfkard wurde moast, mar letter blykte dat it bestjoer dêr oer giet. It bestjoer hat twa dagen de tiid om in beslút te nimmen.