Fûgelstân Flylân wer tanaam nei minne tiden

It is eins folle better as ferwachte ôfrûn mei de fûgels dy't briede op it strân fan Flylân. Dat meldt boskwachter Anke Bruin fan Steatsboskbehear. It giet goed mei de lytse stirns, de wytstirns, de noardske stirns en de lytse bûnte wilster.
Springtij
It begjin fan it briedseizoen like it hiel goed, mar troch springtij spielden mei de pinksterdagen in protte nêsten fuort. Dat rûzige waar hâlde noch hast fjouwer dagen oan. Dêr bleau it net by, want ek yn juny en july gong it wer mis.
Wer opnij briede
Dochs binne de fûgels hieltyd wer opnij begûn mei brieden en dat hat úteinlik fertuten dien. Begjin dizze moanne binne op trije ferskate lokaasjes lytse bûnte wilsters sjoen. De lytse stirnzen hawwe fleanflugge jongen. Op it Noardseestrân op de hichte fan de Stelling binne foar it twadde jier efterelkoar bûnte wilsters grutbrocht.
Piken
Op de skulpebank oan de súdkant fan de Flyhors fleane wytstirnzen en noardske stirnzen hinne en wer om de piken fan fretten te foarsjen. "Eind goed, al goed!" sa seit Anke Bruin.