FIDEO: Skûtsjes farre publyk yn by Earnewâld

De skûtsjes fan Ljouwert en Drachten binne by de wedstriid op Earnewâld rjocht it publyk yn syld. Trochdat der mar in hiel lyts bytsje wyn stiet, binne de skippen net goed te stjoeren. Dêr is faasje foar nedich.
By it Ljouwerter skûtsje is in protestflagge yn it want. Grif tsjin de wedstriidkommisje, seit ferslachjouwer Freark Wijma. "Mei goed fatsoen is hijr net te silen."
Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de Omrop-app te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.