De Jouwer definityf útsletten fan fierdere dielname oan SKS

De SKS hat it skûtsje fan De Jouwer definityf útsletten fan fierdere dielname oan it kampioenskip fan 2017. Dat betsjut dat de SKS de rest fan it jier mei 13 yn stee fan 14 skûtsjes sylt. It is foar it earst dat der in skûtsje diskwalifisearre wurdt wylst de wedstriden noch oan de gong binne.
Orzjinaliteit
De SKS stelt dat it skûtsje net oan de orzjinaliteitsregels foldocht. De organisaasje hie De Jouwer moandeitemoarn noch de kâns jûn om it túch oan te passen, mar dêr ha se net foar keazen.
Emoasje
Skipper Dirk Jan Reijenga wie emosjoneel nei ôfrin fan de wedstriid, al hie de SKS de diskwalifikaasje doe noch net offisjeel bekend makke. "Dit koe wolris de lêste west ha. Dy kâns is wol hiel grut. We besykje de kop omheech te hâlden, mar it is gewoan in hiel ferfelende sitewaasje. De oplossing kin blykber net yn dizze fjirtjin dagen fûn wurde."
Spultsjes
"Wy geane net mei yn spultsjes," seit foarsitter René Nagelhout fan de SKS. "Wy ha hiel dúdlik west dat we dit net akseptearje. Der hat in hiel soad oerlis west mei De Jouwer, mar se ha pas op it lêst oanjûn wat se fan doel wienen. It is in foaropset plan fan se, om it sa te dwaan."
"It fielt net goed, mar wy folgje de formele wei. De kommisje Amels hat fêststeld dat De Jouwer mei in ôfkard beslach syld hat. Dat ha ik oan Dirk Jan ferteld. 'Dúdlik,' sei er. Mear net."