LIVE: Sylt de SKS dit jier fierder sûnder Jouster skûtsje?

Diskwalifikaasje fan it skûtsje fan De Jouwer liket net mear foar te kommen, no't skipper Dirk Jan Reijenga sein hat dat er it túch net oanpasse wol. It foldocht net oan de orizjinaliteitsregels, seit foarsitter René Nagelhout fan de SKS. De Jouwer krijt noch de kâns om de saak te werstellen.
Om 14:00 oere wurdt it 10-minutenskot jûn foar de twadde kompetysjewedstriid fan dit seizoen. As Reijenga it skûtsje dan net oanpast hat, wurde se diskwalifisearre foar de rest fan it kampioenskip. It soe foar it earst wêze dat in skûtsje diskwalifisearre wurdt wylst it kampioenskip noch oan de gong is.
Alle wedstriden binne by Omrop Fryslân streekrjocht te folgjen. Bylden mei live-kommentaar fan ferslachjouwer Freark Wijma en âld-skipper Eelke Dijkstra binne online te sjen. En op radio en telefyzje dogge Gjalt de Jong en Geartsje de Vries rjochtstreeks ferslach.
Yn Fryslân Hjoed is der alle dagen in wedstriidferslach te sjen en wurdt neipraat oer de silerij. In lange kompilaasje fan de wedstriid wurdt om 21.00 oere útstjoerd op telefyzje.
Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de Omrop-app te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.