Eigener Welgelegen: "Spyt dat ik it net foarkomme koe"

© Postema Media
Eigener René Posthuma fan Pensjon Welgelegen yn Berltsum is djip rekke troch de deadlike stekpartij dy't dêr sneontejûn plakfûn. It spyt him bot dat hy it net foarkomme koe. Dat skriuwt hy op syn Facebookside. By de stekpartij sneon kaam in 43-jierrige bewenner fan it pensjon om it libben. In twadde bewenner, in man fan 59 jier, rekke ferwûne. De plysje hat in 56-jierrige man oanholden. Ek hy hie in keamer yn it pensjon. By in rûzje sneontejûn begong er ynienen mei in mes om him hinne te stekken. De oanlieding foar de rûzje is noch net dúdlik.
Yn it pensjon yn Berltsum wurde dak- en thúsleazen opfongen. Eigener Posthuma seit yn syn ferklearring op Facebook dat alle minsken rjocht hawwe op in fatsoenlik bestean, wat har ôfkomst ek is. Hy wol dan ek dat Welgelegen in feilige haven bliuwt foar minsken yn need.