Ferskate ynbraken by sportklups

© Omrop Fryslân
Moandeitemoarn betiid is der ynbrutsen yn de kantine fan in fuotbalklup oan it Kealledykje yn Ljouwert. In rút waard ynslein wêrnei't de dief útnaaide mei de laden út de kassa. Ek is der flinke skea yn de kantine. De plysje siket tsjûgen, dy't tusken 05.30 en 06.00 oere wat sjoen hawwe.
Yn Wergea sloech in ynbrekker syn slach by in wettersportferiening oan de Narderbuorren. Dêr waard ark meinaam, wêrunder in boarmasjine. Ek oan de H.J. Kooistrawei waard ynbrutsen yn it materiaalhok fan in sportklup. Hjir waard op 'e nij ark meinaam.