Keatsers Dronryp winne generale foar de Freule
De ôfdieling Dronryp mei Taeke Hofman, Jasper Jager en Lucas Postma hat sneintemiddei yn Frjentsjer de generale foar de Freule wûn. Yn de finale waard mei 5-2 en 6-2 ôfrekkene mei Douwe Lyckele à Nijeholt, Doitze de Boer en Gerben de Boer, fan de ôfdieling Gaast-Ferwoude. De tredde priis wie foar Mantgum.
De grutte favoryt foar de Freule, Eksmoarre, ferlear al op de earste list yn Frjentsjer. Jasper Jager waard ta kening útroppen.