Buske botst tsjin tunnel op A32 by Reduzum

06 aug 2017 - 16:48

Op de A32 ta hichte fan Reduzum is sneintemiddei in pick-up buske fan 'e dyk rekke. It buske soe fan de sneldyk flein wêze en klapte yn de njonkenlizzende tunnel tsjin de muorre. It giet om de Ayttawei, dy't fan ûnder de sneldyk troch nei Reduzum giet.

Hoe't it kin dat de pick-up fan de dyk rekke is, is noch net bekend. De bestjoerder soe mei de ambulânse nei it sikehûs brocht wêze. De tunnel is noch ôfsletten fanwegen de berging fan de wein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)