Blog: Fan De Harkema nei de bosken fan Sweden

Jan Zuidema wie ferline wike noch oan de Noarske kunst oan it wurk, hy siet yn Stavanger. Hy pakt alles oan dêr't er foar frege wurdt. As it no om it pleatsen fan in keukenblok giet of it ophingjen fan gerdinen, Jan draait syn hân der net foar om. Want der moat brea op 'e planke komme. In Harkyt rêdt him gau! Ek al moat er hielendal nei Noarwegen.
Fiif jier lyn woene se wat oars. Jan ferkocht syn fersekeringskantoar en mei har twa bern gongen se nei Sweden en kochten in hûs bij Hagfors yn de provinsje Värmland. It wie in frijsteand hûs midden yn 'e bosk mei in moai hiem oan de rivier de Klarälven. Gjin buorlju en allinnich mar natuer om har hinne.
It wie fansels net de bedoeling dat Jan allinnich mar de wykeinen thúskomme soe. Want by de makeler dy't bemiddele hie by har hûs soe Jan wurk krije. Mar doe't se yn Sweden wiene gong de "deal" net troch en siet Jan sûnder wurk.
Yn dizze streek, dêr't Sweden en in soad Nederlanners fakânsjehuzen hawwe, is amper wurk. Dus moat Zuidema it fierderop sykje. Jan hat dus net fêst wurk en Rosita is altyd thús, want ek foar har is yn de wide omjouwing gjin baan te finen. Lang om let ha se it beslút nommen werom te gean nei Nederlân. Wannear't dat wêze sil is net te sizzen. Har hûs stiet al in skofke te keap en Jan moat earst wurk ha. Mar om har gean se sa gau mooglik werom, leaver hjoed as moarn, it ynpakken is al begûn.