Blog: De Biltske bakkerij yn Munkfors

31 maaie 2012 - 11:14

We begjinne woansdeitemoarn mei in brochje by bakkerij Pünkten yn Munkfors. De bakkerij en 'konditorei' is fan de famylje Wassenaar, heit Sjoerd, mem Pietsje en dochter Ingrid. Se komme fan Sint Anne en wenje no sa'n 7 jier yn Munkfors. Sjoerd wurke yn ploegetsjinsten by de 'Condens' en fan hûs út hienen Sjoerd en Pietsje in kompjûterbedriuwke. Ingrid wie banketbakker en har eardere partner wie bakker. Sjoerd en Pietsje hâlde fan de de Skandinavyske lannen, al sa'n 30 jier kamen se der alle fakânsjes. De dream om yn Sweden te wenjen wie der al in skoft doe't de mooglikheid him foar die de bakkerij yn Munkfors oer te nimmen. Ingrid en har freon seagen it ek sitten en sa waard besletten de stap te weagjen. Ingrid wie doe 20 jier.

It wie spannend, hiel spannend. Der moasten dochs fjouwer minsken rûn komme fan de bakkerij. De Wassenaars bakke ek Nederlânske bôle en dat docht it net allinne goed by de Nederlanners dy't hjir wenje en de fakânsjegongers, nee, ek de Sweden kinne dy bôle wurdearje. It banket fan Ingrid docht it ek goed, lykas har taarten foar bern. Nei in jier koe de bakkerij útwreide wurde. Sjoerd hat de ferbouwing sels dien. It is net in typyske Sweedse bakkerij.
Sjoerd en Pietsje kinne in hûs fierderop keapje en ek Ingrid en dy feruilje de wente boppe de bakkerij foar in eigen stekje.

In grutte domper is it stikken rinnen fan Ingrid har relaasje, no sa'n twa jier lyn. Hy giet werom nei Nederlân. Dit betsjút dat Sjoerd no 'fulltime' bakker is, seis dagen yn 'e wike, simmers sân dagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)