Bobby Zwaagman grutte winner by fierljeppen yn Burgum

Bobby Zwaagman fan Drylts wie sneontejûn de grutte man by it fierljeppen yn Burgum. Mei in skitterjend persoanlik rekôr fan 19.99 meter wûn hy net allinnich de wedstriid by de junioaren, mar sprong hy ek fierder as alle topklassers. De 19.99 wie mar leafst ien meter en trije sintimeter fierder as hy ea sprongen hie.
It wie dochs al de jûn fan de jeugd. By de jonges wûn Jarich Wijnstra fan Tsjom mei in moai persoanlik rekôr fan 18.69 meter. En by de froulju pakte de noch altyd mar 18-jierrige Marrit van der Wal fan It Heidenskip de oerwinning mei in kreaze 16.55 meter.
De grutte mannen fan de topklasse stienen dêrby yn it skaad. Allinnich Ysbrand Galama fan It Heidenskip kaam mei 19.39 meter oer de njoggentjin meter grins. Dat wie goed foar syn tredde deiwinst dit seizoen. By de famkes gong de oerwinning lykas sa faak nei Sigrid Bokma fan Hylpen, mei 14.25 meter.